"Fryske tsjinstanners Swarte Pyt doarre dat net te sizzen"

26 nov 2017 - 14:44

Fryske tsjinstanners fan de tradisjonele Swarte Pyt doarre har dêr net oer út te litten. Dat seit Mirka Antolovic, direkteur fan Tumba, dêr't ek it meldpunt diskriminaasje ûnder falt. By dit meldpunt binne dit jier kwealik meldingen binnen kaam, mar neffens Antolovic betsjut dat net dat it net libbet. "Minsken binne hjir faak ûnderdiel fan in lytse mienskip en fiele har dêryn net feilich genôch om har te uterjen.''

Earder krige Tumba al ris in melding fan in mem dat har soantsje op skoalle net as Sinteklaas ferklaaid wurde mocht, om't er 'dochs al Swarte Pyt fan himsels wie'. Mirka Antolovic die har útspraken yn it programma Buro de Vries by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)