Ljouwerter plysje hâldt dronken Frânsman waarm

26 nov 2017 - 13:19
Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter plysje hat sneontenacht in dronken Frânsman (50) tydlik oan in waarm plakje holpen. De man kaam by nacht om kertier foar trijen sa dronken as in dweil by it plysjeburo oan de Holstmeerwei. De man hie gjin idee wêr't er wie en ek net wêr't er syn auto litten hie.

Om foar te kommen dat de man te bot ôfkuolje soe, hat de plysje him waarme kofje jûn en in waarm plak om wer by sûpe en stút te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)