Robbert Schilder fraachteken by Cambuur

Robbert Schilder is noch in fraachteken by Cambuur. De oanfierder is licht blessearre en it is noch net dúdlik oft hy moandei fit genôch is om oan te treden yn de útwedstriid tsjin FC Eindhoven. Jurjan Mannes rekke yn de wedstriid fan freed tsjin FC Den Bosch swier blessearre. Hy bruts syn kûtbonke. Mannes is freed al operearre en is minimaal trije moanne útskeakele. Ek Martijn van der Laan spilet moandei net; ek hy hat lêst fan in kûtblessuere. Hy hopet freed wer fit te wêzen.

Sai van Wermeskerken is de ferfanger fan Mannes. Daan Boerlage foel freed foar him yn, mar trainer Marinus Dijkhuizen wie dêr net tefreden oer. As Robbert Schilder net spilet, dan is is Omar el Baad syn ferfanger. FC Eindhoven-SC Cambuur is de striid tusken de nûmers 12 en 14 fan de ranglist. Eindhoven hat 18 punten; Cambuur 14. By Eindhoven spilet Mart Lieder yn de spits. Hy is mei 13 goals de topskoarer fan de Jupiler League.