Wiebe van Dijk ferlit gemeenteried fan Harns

De kandidaten fan de PvdA Harns
Nei 28 jier riedslidmaatskip komt PvdA'er Wiebe van Dijk nei de gemeenteriedsferkiezingen fan maart net werom yn de gemeenteried. Hy fynt it sels tiid om der mei op te hâlden, mar wol bliuwt er as listtriuwer de partij stypjen. Op de kandidatelist foar de riedsferkiezingen stiet wethâlder Hein Kuiken boppe-oan. Fraksjefoarsitter Edwin Helvrich is de nûmer twa en riedslid Jacqueline Huizenga stiet op it tredde plak.

Nij op de list binne de jongeren Bartele Boersma en Welmoed Konst, dochter fan âld-deputearre Hans Konst.