Fryske gemeenten ha gjin ferlet fan sintrale fjoerwurkshows

27 nov 2017 - 06:00

De Fryske gemeenten sjogge net folle yn sintrale fjoerwurkshows. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de NOS en de regionale omroppen nei it fjoerwurkbelied fan de gemeenten. De Stichting Maatschappij en Veiligheid fan foarsitter Pieter van Vollenhoven rôp de gemeenten earder op om sintrale fjoerwurkshows te organisearjen en tagelyk it partikulier ôfstekken fan fjoerwurk te beheinen ta spesjale fjoerwurksônes of sels te ferbieden. Dy oprop hat net folle fertuten dien. Der binne yn Nederlân mar sân gemeenten mei in sintrale fjoerwurkshow. Der binne gjin Fryske gemeenten mei in eigen fjoerwurkshow. Ljouwert hat dy yn it ferline wol hân, mar is dêr twa jier lyn krekt mei ophâlden.

Fjoerwurkfrije sônes

Ek foar it ynstellen fan fjoerwurkfrije sônes fiele de measte gemeenten net sa folle. Der binne dit jier mar trije gemeenten mei sokke sône. De gemeenten Ljouwert, Smellingerlân en Harns hawwe fjoerwurkfrije sônes by sikehuzen, âldereintehuzen en bernebuorkerijen ynsteld. It fjoerwurk mei tsjintwurdich allinnich ôfstutsen wurde yn de âldjiersnacht tusken 18.00 oere jûns en 2 oere moarns. De grutte mearderheid fan de gemeenten is tefreden oer dy perioade.

Carbid

Ferskate Fryske gemeenten jouwe oan dat troch de grutte populariteit fan it karbidsjitten de oerlêst troch fjoerwurk de lêste jierren ôfnimt. Dat jildt bygelyks foar de gemeente Dantumadiel. Omdat leafhawwers fan knalfjoerwurk oerdeis al geweldich drok binne mei karbid, wurdt mei de jierwiksel folle minder fjoerwurk ôfstutsen. Fanwege de oerlêst fan fjoerwurk wurdt der elk jier wol diskusjearre oer in mooglik ferbod op konsumintefjoerwurk. De Fryske gemeenten binne hjir gjin foarstanner fan, benammen omdat dat dochs net te hanthavenjen is.

Trefwurden: 
fjoerwurkshows
(Advertinsje)
(Advertinsje)