Nederlânske bobsliders 17e yn Whistler

It Nederlânske bobslidersteam mei rjochts de Friezen Jeroen Piek en Dennis Veenker © ANP
De Nederlânske bobsliders binne sneon by de wrâldbekerwedstriden yn it Kanadeeske Whistler as santjinde einige. De fjouwermansbob mei Jeroen Piek fan It Hearrenfean joech goed ien sekonde ta op de winner, de Rus Alexander Kasjanov. Earder waarden de bobsliders 19de en 18de. Foar Olympyske dielname is in top tolve-notearring nedich. Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is reserve. Hy kaam net yn aksje.

It team sil no nei Dútslân, foar in wedstryd om de Europa Cup. Yn it wykein fan 9 en 10 desimber stiet wer in wrâldbekerwedstryd op de aginda. Dy is dan yn it Dútske Winterberg.