Unike opname mei haadredakteur Wisses fan Bokwerder Belang

26 nov 2017 - 10:17

"Tot u spreekt, vanuit Bokwerd in Friesland, Wabbe Wisses Rzn, hoofdredacteur van het Bokwerder Belang ". Sa begjint de opname dy't radioman Herry Kuipers fan Ljouwert by it opromjen fan syn argyf fûn. It is de orizjinele opname fan in ynterview dat hy mids jierren '80 mei Van der Velde hie. "Het leuke is dat het niet een gesprek is met Rink van der Velde als persoonlijkheid, maar in zijn creatuur van Wabbe Wisses. Hij speelt in de hele opname die rol." Bokwerder Belang wie fan 1970 oant 1992 in rubryk yn de Ljouwerter Krante, skreaun yn it Bokwerds: Nederlânsk grôtfol frisismen. It doarpke Bokwerd bestie net en de skriuwer Van der Velde koe der al syn fantasy yn kwyt. De werkenberheid fan wat der spilet op in lyts doarp yn kombinaasje mei it Bokwerds spruts in grut publyk oan.

Fiktive doarpkes

Kuipers wurke doetiids foar de KRO foar it literêre radioprogramma Spektakel. Ien kear yn de moanne hienen se in apart programma dat Trippe hjitte. Dat wie in fiktyf doarpke dêr't men har allinnich mar dwaande hold mei literatuer. As Kuipers by syn âlden yn Ljouwert wie lies hy yn de Ljouwerter Krante de stikjes fan Bokwerder Belang. Hy seach oerienkomsten en sadwaande reizge hy ôf nei De Gordyk foar in ynterview mei Wabbe Wisses Rzn, de haadredakteur fan Bokwerder Belang. It ynterview begjint mei in iepen brief oan de ynwenners fan it doarpke Trippe wêrnei't yn in fraachpetear Van der Velde mear fertelt oer it doarpke Bokwerd en de persoan Wabbe Wisses. Sa komme we der bygelyks efter dat Wabbe Wisses earder postrinner wie en dat hy leaver net hat dat de minsken yn it doarp boeken fan de skriuwer Rink van der Velde lêze.

Ferrast

Ald-kollega Bonne Stienstra is ferrast dat Van der Velde folslein Nederlânsk praat en it net oandoard hat om it petear yn it Bokwerders te dwaan. "Hy hie it lef hawwe moatten om te tinken, no ja dan fersteane se my mar net." Mei Stienstra en twa âld-kollega's fan him, Willem Stegenga en Pieter de Groot, dûkt Buro de Vries yn de skiednis fan it fenomeen Bokwerd. In fenomeen dat, sa tinkt De Groot, net it ivige libben hat: "It is oan it útstjerren en derom is sa'n stikje no min of mear museaal noch ynteressant." Op de site fan Buro de Vries fine je ek de orizjinele opname mei Rink van der Velde yn de rol fan Wabbe Wisses Rzn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)