Helptsjinsten oproppen foar auto te wetter yn Stiens

26 nov 2017 - 10:03

De helptsjinsten binne sneintemoarn betiid massaal oproppen omdat der oan de Noardwesttangint yn Stiens in auto yn it wetter lei. In foarbygonger skille 112 doe't er de auto yn de sleat seach. De helptsjinsten kamen der al gau achter dat der net ien mear yn de wein siet.

Nei ûndersyk die bliken dat de bestjoerder sels út de auto klommen wie. Thús hie er de meldkeamer ynljochte. Dêr wie it boadskip lykwols net trochjûn oan oaren, wêrtroch't in kollega op sneintemoarn dochs alaarm sloech.

Trefwurden: 
auto te wetter Stiens
(advertinsje)
(advertinsje)