Plysje hâldt fjouwer man oan yn Ljouwerter útgeanssintrum

26 nov 2017 - 09:35
It wie in rûzige, kâlde en wiete 'hoarekanacht' foar de plysje - Foto: Plysje Ljouwert op Twitter

Yn in rûzige stapjûn hat de Ljouwerter plysje yn de nacht fan sneon op snein mei-inoar fjouwer manlju oanhâlden. In 22-jierrige man út Dantumadiel foel om healwei fjouweren in portier op it Ruterskertier oan. Hy krige in proses-ferbaal foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Hy krige ek in lokaalferbod foar in jier foar de hoarekasaak yn kwestje. Op it Ruterskertier waard ek in 18-jierrige ynwenner fan Ljouwert oppakt fanwege it misledigjen fan de plysje.

Op sneintemoarn betiid tsjin seis oere waarden op it Stasjonsplein twa Ljouwerters fan 18 en 21 jier oanhâlden foar iepentlike geweldpleging tsjin oare minsken. De fertochten binne ynsletten. Neier ûndersyk folget.

(Advertinsje)
(Advertinsje)