Trije auto's bot skansearre by autobrân Ljouwert

Utslaande autobrân oan de Werkmanslust yn Ljouwert © Robert Jan Boonstra
Sneintemoarn betiid binne by in autobrân yn Ljouwert trije auto's swier skansearre. De brânwacht waard om kertier foar sânen hinne alarmearre foar in autobrân oan de Werkmanslust yn Ljouwert. Op in parkearplak wie - nei alle gedachten troch brânstichting - brân ûntstien yn in auto. De twa auto's dêrnjonken rekken ek swier skansearre troch it fjoer.

De plysje stelt ûndersyk yn nei de oarsaak fan de brân.