Skipper en wedstriidlieder Beer van Arem hommels ferstoarn

26 nov 2017 - 08:34
Foto: Eize Hoekstra

Wedstriidlieder en skipper yn de oarder fan de Sneker Pan Beer van Arem is freed hommels ferstoarn. Dat hat de Keninklike Wettersportferiening Snits wite litten. Van Arem is 60 jier wurden. Syn famylje mar ek silend Nederlân sille Van Arem bot misse. Op freed 1 desimber wurdt ôfskied nommen fan Beer van Arem yn it Snitser útfeartsintrum.

De Keninklike Wettersportferiening Snits hat alle aktiviteiten en byienkomsten foar de kommende wike skrast fanwege it ferstjerren fan Van Arem.


Trefwurden: 
Beer van Arum ferstoarn
(Advertinsje)
(Advertinsje)