Michel Vlap: "Dit hadden wij moeten winnen"

26 nov 2017 - 08:03

Oanfaller Michel Vlap fan SC Hearrenfean iepene sneon de skoare yn de thúswedstriid tsjin PEC, mar stapte dochs mei in "rotgefoel" fan it fjild. Want nei syn goal miste Vlap in grutte kâns foar syn ploech. "Als ik hier 2-0 maak is de wedstrijd op slot. Maar dat gebeurt niet, en dan valt de goal aan de andere kant." SC Hearrenfean wie lang de bettere ploech op it fjild, mar ferlear de wedstriid dochs mei 2-1. It wie foar PEC de alderearste kear dat se de foar harren lestige útwedstriid yn it Abe Lenstrastadion wisten te winnen. Vlap baalt dêr geweldich fan. "Dit hadden wij moeten winnen."

Trainer Jurgen Streppel neamt de oerwinning fan PEC net fertsjinne. "We hebben maar twee mogelijkheden weggegeven en die gingen er beide in. Als Michel de 2-0 scoort was hij de man of the match geweest." De trainer wol it de Snitser lykwols net te swier oanrekkenje. "Hij komt uit de eigen opleiding en ontwikkelt zich goed. Ik hoop eigenlijk dat ie nog beter wordt en dan gaat de bal er de volgende keer wel in." Ofsjoen fan it skoareferrin wie Streppel wol tefreden oer it spul fan syn ploech. "Ik ben alleen niet tevreden over de uitslag. Het is daarom een heel vervelende nederlaag."

(Advertinsje)
(Advertinsje)