Brânwacht út foarsoarch yn it Abe Lenstra Stadion

26 nov 2017 - 00:02
Abe Lenstra Stadion - Foto: ANP

Sa'n tweintich minsken fan de brânwacht wiene sneontejûn ûnder de wedstriid SC Hearrenfean - PEC Zwolle ynsetten om de feilichheid yn it Abe Lenstra Stadion yn de gaten te hâlden. Hearrenfean hie de brânwacht oproppen fanwege de lekkerij yn it stadion, earder dizze wike. Dêrby wie in wetterlieding op de tredde etaazje kapot gien.

Neffens in wurdfierder fan Hearrenfean wiene se der wis fan dat alle brânmelders yn it stadion it diene, mar dat de brânwacht út foarsoarch oproppen wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)