Wite trui foar maratonreedrydster Jade van der Molen

© ANP
Nei de sechsde maratonwedstriid fan it seizoen stiet Jade van der Molen boppe-oan yn it jongereinklassemint. De reedrydster út It Hearrenfean naam de wite trui oer fan Anne Tauber út Oranjewâld. Tauber hie mountainbike-ferplichtingen.
Van der Molen waard op de keunstiisbaan yn Hoorn sânde. Winst wie der foar Iris van der Stelt. Sy kaam by de froulju as earste oer de streek, foar Janneke Ensing en Elsemieke van Maaren.
Doe't de maraton noch net sa lang ûnderweis wie, gie Andrea de Jong raar ûnderút. Se rekke dêrby ferwûne oan de holle. De wedstriid waard tydlik stillein. It is noch ûndúdlik hoe't it mei de rydster út It Hearrenfean is.

Ariëns fiifde

Lykas by de froulju stie der by manlju ek gjin Fries op it poadium. Crispijn Ariëns fan Wolvegea waard fiifde en Arjan Stroetinga santjinde.