SC Hearrenfean ferliest yn eigen hûs fan PEC Zwolle

25 nov 2017 - 22:38

Nei trije ferliespartijen achterinoar tsjin Ajax, Vitesse en AZ koe it publyk yn it Abe Lenstra Stadion nei ôfrin fan in kompetysjewedstriid opnij net joecheie. Sneontejûn wie PEC Zwolle te sterk foar SC Hearrenfean. De ploech fan trainer Jurgen Streppel gie mei 2-1 ûnderút.

Hearrenfean begûn goed oan de wedstriid. Spits Reza Ghoochannejhad krige nei seis minuten al in grutte kâns, mar hy skoarde net. Even letter wie it al raak. Nei in pass fan oanfierder Stijn Schaars sette Michel Vlap Hearrenfean op foarsprong. De Snitser skeat de bal snoeihurd achter keeper Diederik Boer.

De thúsklup wie in oantal kearen ticht by de 2-0, mar Schaars, Vlap en Martin Ødegaard koene de foarsprong net ferdûbelje. Dan jildt yn de fuotballerij dat wannear't je sels net skoare, de tsjinpartij dat wol docht. Krekt foar it skoft kaam Zwolle op lykense hichte troch in kopbal fan sintrale ferdigener Nicolás Freire.

'Alles of neat'

Nei de tee gie it mis by Hearrenfean. Zwolle-middenfjilder Mustafa Saymak sette de besikers al nei fjouwer minuten op foarsprong. Dyselde Saymak skeat nei sechtich minuten fan grutte ôfstân op de latte. Dêrnei begûn Hearrenfean 'alles of neat' te spyljen. Streppel brocht mei Morten Thorsby, Henk Veerman en Nemanja Mihajlović farsk bloed.

Veerman liet him fuortendaliks sjen en skeat de bal, in pear minuten nei't er ynfallen wie, mar krekt oer. It publyk gie der noch ris achter stean en song 'alles of niets', mar spitigernôch foar Hearrenfean waard it úteinlik hielendal neat. Ek kopballen fan Veerman en Daniel Høegh leveren net de lykmakker op.

SC Hearrenfean - PEC Zwolle 1-2 (1-1). 12. Michel Vlap 1-0, 43. Nicolás Freire 1-1, 49. Mustafa Saymak 1-2. Giele kaarten: Vlap, Stijn Schaars, Kik Pierie (Hearrenfean), Kingsley Ehizibue, Saymak, Ryan Thomas (Zwolle).

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Dumfries, Høegh, Pierie, Schmidt; Schaars, Van Amersfoort (72. Veerman), Kobayashi; Ødegaard, Ghoochannejhad (66. Thorsby), Vlap (72. Mihajlović).

(Advertinsje)
(Advertinsje)