Follybalfroulju VC Snits fierstente sterk foar Alterno

De follybalsters fan VC Snits © www.dijksfotografie.nl
De follybalfroulju fan VC Snits wiene sneontejûn in pear maten te grut foar Alterno. Yn Apeldoorn hie de koprinner fan de earedifyzje gjin muoite mei de nûmer fjouwer op de ranglist. Yn trije sets wûn de ploech fan trainster Petra Groenland fan Alterno.
De earste set wûn Snits mei 25-15, de tredde mei 25-10 en de lêste mei 25-21. Troch de oerwinning bliuwt Snits earste mei 22 punten út njoggen wedstriden. Sliedrecht Sport stiet der better foar mei 21 punten út sân wedstriden.