Blamaazje foar kuorballers LDODK op besite by KZ

25 nov 2017 - 21:50
Marjolijn Kroon - Foto: www.awfoto.nl

De kuorballers fan LDODK ha sneontejûn yn Koog aan de Zaan de tredde kompetysjewedstriid fan it sealseizoen ferlern. Tsjinstanner KZ stunte en wie mei 21-17 te sterk foar de topploech út Terwispel en De Gordyk.

LDODK begûn as de grutte favoryt oan it duel. De Fryske kuorbalploech wûn ommers de earste twa sealwedstriden fan it seizoen, wylst KZ foarôfgeand oan de wedstriid fan sneon noch puntleas wie.

Dochs wie it de thúsploech dy't it inisjatyf pakte en by it skoft mei 13-8 foar stie. LDODK kaam yn de twadde helte twa kear ta in ferskil fan twa punten, mar koe de wedstriid net mear omkeare. It ferlies tsjin KZ betsjutte de earste nederlaach fan LDODK yn de seal.

Marjolijn Kroon wie by LDODK de meast skoarende frou mei trije doelpunten. Fan de LDODK-manlju makke Erwin Zwart der fjouwer.

Trefwurden: 
LDODK KZ kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)