Tennisser Arends ferliest challengerfinale yn Italië

25 nov 2017 - 21:06
Sander Arends yn aksje op Wimbledon - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Sander Arends hat sneontejûn de finale fan it challengertoernoai yn it Italiaanske Andria ferlern. De Ljouwerter dûbelspesjalist en syn maat Sander Gille út België koene it krekt net winne fan Andrea Vavassori en Lorenzo Sonego. De Italianen wiene yn in spannende wedstriid mei 6-3, 3-6 en 10-7 te sterk foar Arends en Gille.

Yn de earste set hie it Italiaanske duo genôch oan ien break om de set te winnen. Op 4-3 pakten se de break yn in opslachgame fan Arends. Yn de twadde set draaiden Arends en Gille de wedstriid om. Nei't se op 2-1 in break makken rûnen se rap út nei 4-1. Dy foarsprong wie genôch om de twadde set binnen te heljen.

Yn de supertiebreak, dy't de beslissing bringe moast, kamen Vavassori en Sonego op in 5-2 foarsprong. Dat kamen Arends en Gille net mear te boppe.

Plak 99

Troch it finaleplak stiet Arends no op it 99ste plak fan de wrâldranglist. It toernoai yn Andria wie foar him it lêste toernoai fan it jier. Arends wûn dit seizoen fiif challengertitels. Fan jannewaris ôf begjint foar Arends it nije seizoen.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)