De Amelanner Sint Clemenstsjerke is offisjeel ynwijd

De weropboude Sint Clemenstsjerke op It Amelân is ynwijd troch biskop Ron van den Hout. De earste eucharistyfiering waard ferline jier yn desimber al holden, mar om't doe noch gjin nije biskop beneamd wie, koe de tsjerke noch net offisjeel ynwijd wurde. Dat lêste barde sneon.
De tsjerke yn Nes gie ferlern by in grutte brân yn febrewaris 2013. De lêste jierren is der hurd wurke oan de weropbou fan de roomske tsjerke. "Het is een unieke gebeurtenis om een kerk te mogen inwijden. Dit maken we in deze tijd waarschijnlijk maar één keer mee, want het is vooral een tijdperk waarin we kerken moeten sluiten", fertelt Van den Hout.

Fryslân Dok 'In nij tij'

Takom wike besteget Omrop Fryslân fierder omtinken oan de Sint Clemenstsjerke. Programmamakker Froukje Sijtsma folge hast twa jier lang it proses fan de weropbou en de nije foarmjouwing fan de tsjerke. Dat resultearre yn de Fryslân Dok 'In nij tij', dy't takom wykein foar it earst op telefyzje te sjen is.