Keatsers ferlieze 'chaza'-finale fan thúslân Kolombia

Op de WK keatsen yn it Kolombiaanske Pasto kaam de Nederlânske ploech, dy't folslein út Friezen bestiet, sneon foar it lêst yn aksje. Yn de 'chaza'-finale naam it team fan bûnscoach Marten Feenstra it op tsjin it thúslân. Chaza is in Kolombiaanske fariant fan keatsen. It wie dan ek gjin ferrassing dat Kolombia dizze finale wûn.
De Fryske keatsers ferlearen mei 6-0 en moasten it op dit ûnderdiel dus dwaan mei in twadde plak. Letter op de dei komt allinnich Sipke Hiemstra noch yn aksje. Hy is skiedsrjochter by de finale 'llarques'.