Fearboate-wiksel op feart tusken Harns en Skylge

25 nov 2017 - 18:39
Fearboat Friesland - Foto: Sytse Schoustra

Fearboat Friesland, dy't normaal sprutsen tusken Harns en Skylge fart, is fan kommende tiisdei ôf in heale moanne út de rûlaasje. De boat giet foar grut ûnderhâld nei de werf. Dat betsjut net dat der net mear reizge wurde kin tusken Harns en Skylge.

De Midsland nimt de feartsjinst oer en is in stik lytser as de Friesland. Op de Friesland kinne 100 auto's en 1.100 passazjiers, op de Midsland 'mar' 53 auto's en 900 minsken. Rederij Doeksen ferwachtet dat de Friesland healwei desimber wer ynsetber is.

(advertinsje)
(advertinsje)