Gjin poadiumplak foar Nyck de Vries yn Abû Daby

25 nov 2017 - 17:58

Autokoereur Nyck de Vries is sneontemiddei op it sechsde plak einige by de ien-nei-lêste wedstriid fan it Formule 2-seizoen. De 22-jierrige autokoereur út Twellingea begûn yn Abû Daby op it twadde plak en gie sels in skoftsje oan de lieding. Spitigernôch koe De Vries dat plak net fêsthâlde en kaam úteinlik nei fiif oaren oer de finish. Snein wurdt de lêste race fan it seizoen ferriden.

(advertinsje)
(advertinsje)