IIswegesintrales tige entûsjast oer 'digitale iiskaart'

25 nov 2017 - 17:22

De iiswegesintrales fan Fryslân binne goed te sprekken oer de digitale iiskaart dy't it Frysk IIsbûn ynsette wol. Mei dy kaart kinne minsken opsykje wêr't se wol en net ride kinne. Wannear't minsken net witte wêr't se krekt it iis op kinne, kin dat foar grutte problemen soargje, seit iismaster Sytse Kroes.

Noch net alle wetters yn Fryslân steane op de kaart. It is yn de takomst wol de bedoeling dat dy ek op de kaart te finen binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)