Romme thúsoerwinning foar ONS Snits op ACV

25 nov 2017 - 16:58

Foar de tredde kear dit seizoen stapte ONS Snits nei in wedstriid yn de tredde difyzje A as winner fan it fjild. Sneontemiddei wie de ploech fan trainer Chris de Wagt fierstente sterk foar ACV út Assen. Yn Snits waard it mar leafst 4-1 foar de Snitsers.

ONS Snits begûn op it eigen Sudersportpark goed oan de wedstriid. Oanfaller Genridge Prijor sette de Snitsers al betiid op foarsprong. Nei in healoere spyljen ferdûbele Curty Gonzales dy foarsprong sels. In pear minuten foar it skoft hie dyselde Gonzales der sels noch ien by prikke kind, mar hy skeat doe de bal krekt foarlâns.

Bôgebal Gonzales

Wat Gonzales yn de earste helte neiliet, die er nei it skoft al. Healwei de twadde helte makke hy syn twadde fan de middei, wêrtroch't ONS Snits op in komfortabele 3-0 foarsprong kaam. Krekt letter makke Arton Musliu it allegear noch moaier foar elkenien mei in oranje hert. Mei in prachtige bôgebal sette hy de 4-0 op it skoareboerd.

Tweintich minuten foar tiid die ACV, mei Drachtster Marco van der Heide (âld-spiler fan SC Cambuur) yn de ploech, wat werom. Erik Eleveld skode de bal achter ONS Snits-keeper Barry Ditewig, mar de oerwinning kaam dêrnei net mear yn gefaar foar de Snitsers.

ONS Snits - ACV 4-1 (2-0). 13. Genridge Prijor 1-0, 28. Curty Gonzales 2-0, 63. Gonzales 3-0, 67. Arton Musliu 4-0, 70. Erik Eleveld 4-1.

Trefwurden: 
ONS Snits ACV fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)