Harkemase Boys ferliest troch betide en lette goals

25 nov 2017 - 16:32

Harkemase Boys is der sneontemiddei net yn slagge mei in goed resultaat nei De Harkema werom te kearen. De ploech fan trainer Henk Herder ferlear troch ien betide en twa lette goals yn en fan Spijkenisse: 3-0.

It gie al betiid yn de wedstriid mis by Harkemase Boys. Al nei twa minuten kaam it team fan Herder, dy't nei dit seizoen ôfskie nimt, op achterstân. Spijkenisse-spiler Stefano Gonçalves makke it doelpunt. Healwei de earste helte tocht Harkemase Boys op lykense hichte te kommen, mar de goal fan spits Ezra Schrijver waard ôfkard fanwege bûtenspul.

Twa goals Adams

Krekt nei it skoft krigen de Harkiten in grutte kâns op de lykmakker, mar de kopbal fan Kevin Mennega belâne net achter Spijkenisse-keeper Dyron Bijl. It duorre lang foar't Harkemase Boys wer gefaarlik waard. In kertier foar tiid rekke Hooiveld mei in kopbal de latte. Dat wie fuortendaliks de lêste mooglikheid op in goed resultaat foar de Harkiten, want tsien minuten letter makke Spijkenisse-spiler Jazzy Adams de 2-0. Dyselde Adams makke der yn blessueretiid ek noch 3-0 fan.

Spijkenisse - Harkemase Boys 3-0 (1-0). 2. Stefano Gonçalves 1-0, 86. Jazzy Adams 2-0, 90. Adams 3-0. Giele kaarten: Bart de Groot (Harkemase Boys), Marvin van der Pluijm (Spijkenisse).

(Advertinsje)
(Advertinsje)