Sjuery Dichter fan Fryslân fynt krityk net terjochte

De sjuery fan Dichter fan Fryslân hat syn wurk goed dien en him neat oanlutsen fan de krityk, seit sjuerylid Tamara Schoppert. Yn de Herman Gortertsjerke yn Balk is freed Eeltsje Hettinga útroppen ta de earste offisjele Dichter fan Fryslân.
It is in nij projekt fan de provinsje, dat yn de ôfrûne moannen in soad kommentaar krige fan dichtsjend Fryslân. Guon fûnen dat se om beurten Dichter fan Fryslân wêze koene en wiene it der net mei iens dat ek amateurs oan de kompetysje meidwaan mochten. Boppedat wie der ek krityk op de sjuery, om't dêr gjin Fryske dichters ynsieten.
Dizze sjuery bestie út Schoppert, Pieter van Lier en Obe Alkema. Deputearre Sietske Poepjes rikte freedtejûn de ûnderskieding út oan Hettinga: in sulveren spjeldsje mei in pompeblêd en twa dakjes, as symboal foar de Fryske taal.
Hettinga is twa jier lang Dichter fan Fryslân en sil seis oant tsien gedichten yn it jier meitsje. Dêrby wurket er gear mei oare keunstners.