Spesjale merk oer en mei robots lûkt soad bern oan

Op de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert wie sneon in robotika-merk. Op dizze merk kamen ûnder oare in soad bern ôf, want mei robots kin bygelyks boarte wurde. Mar mei robots kin hjoed-de-dei hieltyd mear dien wurde. Robots binne it stadium fan boartersguod al lang foarby, want ek it bedriuwslibben hâldt him dwaande mei robots.
Ek yn it noarden ha bedriuwen it drok mei robots, wit Job van 't Veer. De NHL-lektor hâldt him benammen dwaande mei tapassings yn de soarch. Technologyske feroarings kinne neffens Van 't Veer net tsjinhâlden wurde. Soargen meitsje hoecht net, mar minsken moatte wol tûk wêze op de hieltyd populêr wurdende robots. In soad bern binne op de merk yn alle gefallen al boartsjend yn de kunde kaam mei wat robots kinne en wat net.
Op de merk kamen yn totaal fjouwerhûndert besikers ôf.