Diskusjejûn oer 'Kataloanië Tichtby' yn it Tryatergebou

Op inisjatyf fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen, kennissintrum Mercator en de Ryksuniversiteit Grins is der moandeitejûn yn Ljouwert in lêzinge- en diskusjejûn oer de situaasje yn Kataloanië. Under de titel 'Kataloanië Tichtby' komme ferskate Fryske en Katalaanske Kataloanië-kenners oan it wurd oer de situaasje yn de Spaanske dielsteat. Professor Goffe Jensma fan de stúdzje 'Frysk en minorities' hat de lieding oer de jûn. Hy is fan betinken dat de measte Nederlânske media tefolle út 'Spaansk perspektyf' wei berjochte hawwe oer de Katalaanske krisis en wol de jûn graach brûke om achtergrûnynformaasje te jaan.

Njonken Jensma komme de Katalaanske wittenskippers Eva Daussa en Tilman Lanz oan it wurd oer it geweldleaze boargerlike nasjonale fan Kataloanië en oer de gefolgen fan it Katalaanske konflikt foar oare minderheden yn Europa. Der is ek in twatal jongere sprekkers útnûge. De Katalaanske studint meartaligens Guillem Belmar makke it geweld fan de Guardia Civil by it Katalaanske referindum fan begjin oktober fan tichtby mei. Itselde jildt foar de Fryske sjoernalist Sybrand Grasdijk. Hy makke in dokumintêre oer hoe't Katalaanske jongeren tsjin it Spaansk-Katalaanske konflikt oansjogge. De jûn begjint om 19.30 oere yn it Tryatergebou, de tagong is fergees.