Fryske flagge yn it gemeentehûs fan Dalfsen

25 nov 2017 - 14:02
De Fryske flagge yn it gemeentehûs fan Dalfsen - Foto: Twitter, Ronald Dijksterhuis

Yn it gemeentehûs fan Dalfsen yn Oerisel hong dizze wike in Fryske flagge. Sa stiet de gemeente der by stil dat wethâlder Klaas Agricola nei Fryslân giet. Hy wurdt boargemaster fan Dantumadiel.

Freed naam Agricola ôfskied fan de riedsleden yn Dalfsen. Kommende freed wurdt er yn Damwâld offisjeel ynstallearre as boargemaster. Hy folget Sicko Heldoorn op. Dy wie trije jier waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)