Seesleepboat Holland takom jier yn aksje by Ocean Race

Seesleepboat Holland sil takommend jier tochten fersoargje by de Volvo Ocean Race. Yn Skeveningen en Cardiff sil it skip farre by de oankomst fan de grutste sylrace fan de wrâld. De Holland moat yn 2018 mear farre omdat ûnderhâld in hiel soad koste hat. It histoaryske skip, dat yn 1951 boud is yn opdracht fan Doeksen, is folslein renovearre. Ynhierd wurde by de Volvo Ocean race is in moaie ynstruier, seit Danny Offringa, de gasthear fan it skip.

Snein yn Buro de Vries in ferslach fan de 'zeebenentocht' en mear oer de leafde fan ferskate minsken foar de seesleepboat.