Ferd Crone wol Friezen om utens wer nei Fryslân helje

25 nov 2017 - 11:47

Fryske wurkjouwers dy't om personiel mei in hege oplieding ferlegen sitte, soene besykje moatte om Friezen om utens dizze kant wer op te krijen. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert yn in petear mei de Ljouwerter Krante. Neffens Crone lûkt de ekonomy oan, en geane in protte Fryske wurknimmers mei pensjoen. Dat is in kâns om Friezen dy't yn Grins of yn de Rânestêd studearre hawwe, wer werom te heljen, sa seit Crone. 

Crone wiist derop dat minsken yn Fryslân foar itselde jild folle moaier wenje kinne. "Als je ouder wordt en kinderen krijgt, is het welzijnsniveau hier veel hoger. Veel Friezen zijn hier niet weggegaan omdat het hier niet leuk is, maar omdat ze een baan willen hebben."

(advertinsje)
(advertinsje)