Harlinger Courant gjin abonneekrante mear

25 nov 2017 - 11:34

De Harlinger Courant hâldt op as abonneekrante. De krante komt no noch twa kear yn de wike út, mar fan jannewaris ôf wurdt dat ien kear yn de wike, as hûs-oan-hûsblêd. Dat meldt de krante yn in brief oan de abonnees. Dêr stiet yn dat de krante yn de gemeente Harns tenei fergees besoarge wurdt.

Lêzers dy't yn in oare gemeente wenje, kinne de krante ek noch wol krije, mar dan moatte se wol de portokosten fan 34 euro betelje. De Harlinger Courant bestiet al 166 jier.

Trefwurden: 
Harlinger Courant
(advertinsje)
(advertinsje)