Man (62) komt om by ûngelok mei lânboumasine yn Boyl

25 nov 2017 - 11:04

By in ûngelok op in boerehiem oan de Boylerwei yn Boyl yn de gemeente Weststellingwerf is sneontemoarn in man (62) ûnder in lânboumasine telâne kaam. It slachtoffer rekke slim ferwûne en ferstoar as gefolch fan it ûngelok.

Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik. Ferkearsspesjalisten binne ûnderweis nei it plak fan it ûngelok om ûndersyk te dwaan nei de krekte tadracht.  

(advertinsje)
(advertinsje)