Dijkhuizen oer gelykspul: "Het was een zure avond"

25 nov 2017 - 10:55

"Het was een zure avond." Cambuur-trainer Marinus Dijkhuizen seach freedtejûn dat syn ploech it thús dreech hie tsjin FC Den Bosch. Cambuur kaam twa kear op foarsprong, mar koe dy foarsprong net fêsthâlde en sadwaande waard it 2-2. It útfallen fan Jurjan Mannes mei in brutsen kûtbonke hie neffens de trainer ek in 'mentale wjerslach' op syn ploech. "Hij was op dat moment één van onze beste mensen op het veld. Als je iemand dan zo geblesseerd ziet worden, heeft dat invloed op de ploeg." Mannes waard freedtejûn noch operearre. Hy is nei alle gedachten lang út de running.

Spiler Matthew Steenvoorden is fan betinken dat de ploech himsels te koart dien hat troch de 2-1 foarsprong net oan it einsinjaal fêst te hâlden. "Ik ben op dit moment wel clubtopscorer, maar daar koop je verder helemaal niks voor." Steenvoorden is wol bliid dat Cambuur der ridlik yn slagget om te skoaren út standertsituaasjes. Hy skoarde sels fan tichtby de 2-1 út in frije traap fan Kevin van Kippersluis. "We moeten ervoor zorgen dat we er maandag weer staan tegen Eindhoven en dan wel de drie punten pakken."

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)