Fytser rekket swierferwûne nei botsing mei Boerumer

25 nov 2017 - 09:51
By it ûngelok rekke de fytser swier ferwûne - Foto: De Vries Media

In 39-jierrige man út it Grinslanner Niezijl is freedtejûn swierferwûne rekke by in frontale oanriding. De man fytste lâns de dyk doe't er troch in auto skept waard. De autorider, in 60-jierrige Boerumer, ferklearre dat hy de fytser pas op it alderlêste momint seach en net mear remje koe.

Omstanners hawwe de fytser reanimearre. It slachtoffer is dêrnei mei in traumahelikopter nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
fytser ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)