"Oardel ton nedich foar ûnderhâld Sweachster bosken"

25 nov 2017 - 09:31

It parklânskip yn de omjouwing fan Beetstersweach moat ûnderhâlden en fierder ûntwikkele wurde. Dat wol in grut tal partijen yn de gemeente Opsterlân, dêr't Beetstersweach yn leit. It projekt 'De 7 bossen van Beetsterzwaag' wurdt dit wykein ôfsletten, en dêrom wurdt al folop neitocht oer de takomst fan it parklânskip. Der is ferlet fan in bliuwend jierliks budzjet om it gebiet te ûnderhâlden en fierder te ûntwikkeljen.

Op dit stuit wurdt der ûnderhâld dien troch in 'reyntegraasjeploech' en en frijwilligersploech, mar dat is net genôch, seit projektlieder Age Fennema. Neffens him is der eins 150.000 yn it jier nedich foar it needsaaklike ûnderhâld oan paden, leanen en oare lânskiplike eleminten. Fennema is ek fan betinken dat der mear tafersjoch yn 'e bosk nedich is. Op dit stuit is dat der hielendal net. As mooglike boarnen fan ynkomsten tinkt Fennema oan bydragen fan de hoareka en ek fan de soarchynstânsjes dy't yn Beetstersweach sitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)