Kollum: "Ga leuke dingen doen"

25 nov 2017 - 08:33

"Swarte Pyt?

Swarte Pyt. Tsja.

Yn febrewaris fan it jier 2002 waard ús jongste dochter berne. Dat wie prachtich fansels. Mar, minder moai wie, dat ik dat meimakke ha wylst ik krekt in pear wiken thús siet. Net omdat ik wurkleas wie, mar omdat ik mei in fikse burnout te krijen hie. Op sa’n stuit wurde saken dy’t de wrâld dwaande hâlde allegearre in stik minder wichtich. Je fiele je om koart te kriemen gewoan waardeloas. Lilk, frustrearre, it sliepen wol net as amper, je binne koart foar de kop en gau yrritearre tsjin de minsken yn jo omjouwing. Boppedat is it yn in soad gefallen sa dat je je skamje dat je thús sitte. Je sjogge der oan de bûtenkant daliks net oan dat immen siik is. Je tinke der oer nei wat de minsken der wol net fan sizze sille. ‘No, dy Ferdinand sit ek al in skoft thús, soe er gjin wurk mear ha?’ Datsoarte opmerkings ferwachtsje jo en sa tinke je jesels noch djipper yn de ellinde dêr’t je dochs al yn sitte.  

Yn it slimste gefal wurde je ek nochris hartstikke iensum, want je ha in kwaal dêr’t minsken in hekel oan ha om oer te praten en de measten witte ek net rjocht hoe’t se mei sa’n pasjint omgean moatte.

Yn myn gefal like it de dokter in goede saak dat ik nei in psycholooch gean soe te praten. Mei in doaze tissues op tafel. Ik bedarre by in Grinzer. Gjin ferkearde man, mar ik moast my ferbrekke en dat wurket faak net hiel goed as je it mei in wyldfrjemde oer djipgeande saken ha moatte. Hy die syn bêst, mar nei de twadde of tredde besite ha ik sein dat ik wol even wat langer skoft tusken de ôfspraken ha woe. Mei it idee dat ik neat oan dizze sesjes hie. Nochris, it wie gjin ferkearde man, mar a: praat ik folle leaver mei in frou en b: by foarkar doch ik dat yn it Frysk. Of yn it Ingelsk. Mar net yn it Nederlânsk. Gewoan, omdat de Fryske en Ingelske taal tichterby myn gefoel komme. Neffens my hie de Grinzer psycholooch dat wol troch, want hy sei ien ding doe’t ik fuort soe:

‘Ga leuke dingen doen.’

It mei nuver klinke, mar oan dy opmerking ha ik mear hân as oan alle petearen dêroan foarôfgeand. Ik bin begûn te klussen yn it hok. Myn frou kaam hast om it kertier te sjen oft ik my net ferhongen hie, mar dat wie net sa. Ik boude hynsteboksen op terapeutyske basis. Hjir sil ik it mar by litte, want as ik dêr fierder oer fertel, wurd ik daliks opnij oerspand.

Dit ferhaal kaam wer nei boppen doe’t ik dizze wike even op besite gie by ien dy’t no yn deselde omstannichheden thús sit as ik, doe’t ús jongste op de wrâld kaam. Ik wit noch hoe moai ik it doe yn 2002 fûn as der ien by my op besite kaam om wat te jeuzeljen.
En wêr ha je it dan oer? No, minsken dy’t der sa foar sitte, sjogge meastal even mei wat mear ôfstân nei de waan fan de dei. Grutte wurden as: ‘Ik skamje my om in Fries te wêzen’ en ‘Rasistysk’ yn ferbân mei in bernefeestje ferlieze dan gelokkich hiel gau harren lading. Dat bakje kofje wie prima en it petear gesellich.

Alle woeste kollums, oare skreaune en sprutsen retoryk sûnder der oan te twiveljen dat de skriuwer it gelyk kompleet oan syn side hat en dat in oarstinkende op foarhân debyl is, reaksjes, haatberjochten oer en wer, se komme frijwat oerspand oer. Ik hie nea tocht dat ik ea dy Grinzer psycholooch nochris sitearje soe, mar ik tink dat er gelyk hat.

‘Ga leuke dingen doen'."                   

(advertinsje)