Dochter húsdokter Balk siket op Facebook opfolger foar heit

De dochter fan húsdokter Krijnen fan Balk besiket op Facebook in opfolger foar har heit te finen. Frits Krijnen is 66 jier âld, en wol graach mei pensjoen, mar kin net ien fine dy't syn praktyk oernimme wol. Der binne al langer soargen oer it tekoart oan húsdokters yn de provinsje. Guon dokters nimme no al gjin nije pasjinten mear oan.

"Ik gun mijn vader zijn pensioen heel erg, dus al jullie hulp is welkom!", skriuwt dochter Eke Krijnen. Se heakket der oan ta dat Balk 'een fijn dorp in een prachtige omgeving' is.