Marrit Zeinstra twadde op WK muorrekeatsen yn Kolombia

25 nov 2017 - 07:50
  • Marrit Zeinstra twadde op WK muorrekeatsen yn Kolombia

Keatster Marrit Zeinstra is freed twadde wurden op it wrâldkampioenskip muorrekeatsen yn Kolombia. Yn de yndividuele finale koe Zeinstra it net hâlde tsjin Patricia Espinar út Baskelân. De striid gie wol lang gelyk op, mar op 10-10 yn de twadde set sloech Zeinstra krekt oer it spylfjild hinne. Foar har grutte ynset en passy krige Zeinstra wol applaus fan it Kolumbiaanske publyk. 

Yn it teamspul 'chaza' hat de manljusploech fan Marten Feenstra, Jelte Pieter Dijkstra en Hendrik Kootstra ek de finale helle. Se wûnen de heale finale fan Ekwador. Tsjin dat team hienen se earder de pûlwedstriid ferlern. De finale moat noch spile wurde, tsjin gastlân Kolombia. 
 

Trefwurden: 
Kolombia keatsen WK
(advertinsje)