Ferlies sealfuotbalsters Drachtster Boys, lykspul Avanti

In earder duel fan de froulju fan Drachtster Boys © Dijks Fotografie
De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe de thúswedstriid tsjin Pernis ferlern. It waard 3-0 foar Pernis.
Pernis naam yn de earste helte in 2-0 foarsprong. Drachtster Boys krige ek kânsen, mar Lotte Donath rekke de peal. Yn de twadde helte skoarden de besikers noch ien kear. De Drachtster kamen net fierder as op 'e nij in skot op de peal, dizze kear fan Bernou Hylkema.
Avanti die it op besite by Exstudiantes yn Zwolle wat better. Dêr waard it 2-2.
Yn it skoft fan Drachtster Boys - Pernis wie de lotting foar de pûlfaze fan it European Women's Futsal Tournament. Drachtster Boys sit yn de pûl by it Italiaanske Olimpus en it Portugeeske Benfica. It toernoai is takom jier maart yn Drachten.