UNIS Flyers koprinner nei krappe oerwinning yn Nijmegen

24 nov 2017 - 23:06

De UNIS Flyers ha freedtejûn de BeNe League-wedstriid op besite by Nijmegen wûn. It waard 4-3 foar de Flyers nei de perioadestannen 1-2, 2-2 en 0-0. Adam Bezak skoarde in hattrick foar de Feansters.

De start wie foar Nijmegen, dat nei acht minuten spyljen op foarsprong kaam troch in goal fan Wesley Hendriks. In minút letter stie it lykwols al 1-1 troch in doelpunt fan Adam Bezak. De Flyers kamen dêrnei op foarsprong troch Pippo Limnell. 

Yn de twadde perioade bouden de Flyers de foarsprong út troch in goal fan opnij Bezak, mar Nijmegen kaam troch twa goals op gelikense hichte: 3-3. Dochs kamen de Feansters wer op foarsprong, trochdat Bezak syn tredde fan de jûn skoarde. Yn de tredde perioade waard net mear skoard, sadat de Flyers mei in 4-3 winst werom nei Fryslân ôfreizgen.

Troch de oerwinning binne de Flyers no koprinner.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(advertinsje)
(advertinsje)