De Jong Ones winne Schutterij Jong Talintepriis

24 nov 2017 - 22:09

De Boalserter Schutterij Jong Talintepriis giet dit jier nei it duo Bauke (14) en Rooske de Jong (11). Dizze broer en sus meitsje muzyk ûnder de namme 'De Jong Ones', wêrby't Bauke gitaar spilet en Rooske sjongt en keyboard spilet. Freedtemiddei waard de priis, dy't bestiet út in oarkonde en in bedrach fan 500 euro, útrikt yn in seal fan Hotel Het Weeshuis yn Boalsert.

De priis is yn it libben roppen nei't harmonieorkest 'Schutterijmuziek Bolsward' ophold te bestean en der noch in saldo oer wie. Ut dat potsje wurdt de priis beskikber steld. It duo kin it jild goed brûke, want it keyboard dêr't Rooske op spilet is sa wankel, dat se it net iens mear mei doarre te nimmen as se earne spylje moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)