Cambuur ferspilet twa kear foarsprong tsjin Den Bosch

24 nov 2017 - 21:56

It is Sportklup Cambuur net slagge om op 'e nij in thúsoerwinning te pakken. De ploech fan Marinus Dijkhuizen spile mei 2-2 gelyk tsjin FC Den Bosch.

De wedstryd begûn goed foar Cambuur. Al yn de sechsde minút sette Kevin van Kippersluis de Ljouwerters op foarsprong. Dat die er nei in knappe oanfal fia Mathieu en oanjouwer Barto. Tsjinfaller wie it útfallen fan Jurjan Mannes yn it earste kertier fan de wedstryd. Letter die bliken dat hy in brutsen kûtbonke hat. Flak foar it skoft kaam Den Bosch op gelikense hichte. Muhammed Mert krige in soad rûmte en skeat fan ôfstân raak: 1-1.

Yn de twadde helte kaam Cambuur op 'e nij fluch op foarsprong. Matthew Steenvoorden skeat fan tichtby raak út in frije traap fan Kevin van Kippersluis. Cambuur like it fol te hâlden, mar tsien minuten foar tiid waard it dochs wer lyk. Oanfierder Robbert Schilder koppe in foarset fan Mert achter syn eigen keeper. Oan 'e ein fan de wedstryd wie it benammen Den Bosch dat ticht by de winst wie. Cummins foarkaam mei syn fûsten in goal fan Van de Sande, wêrtroch't Cambuur dochs noch in punt oerhâldt oan de wedstryd.

Cambuur sakket mei it lykspul ien plakje. De Ljouwerters steane no op it santjinde plak yn de Jupiler League.

SC Cambuur - FC Den Bosch 2-2 (1-1) 6. Kevin van Kippersluis 1-0, 43. Muhammed Mert 1-1, 59. Matthew Steenvoorden 2-1, 79. Robbert Schilder (eigen goal) 2-2

Opstelling SC Cambuur: Cummins; Van Deelen, Steenvoorden, Schilder, Van der Laan (58. Robertha), Houtkoop; Mannes (14. Boerlage), Van Kippersluis, Schils; Mathieu (84. Daniels), Barto

(Advertinsje)
(Advertinsje)