Grut oandiel Spitse yn oerwinning Oranjeliuwinnen

24 nov 2017 - 20:56
Foto: ANP

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe freedtejûn it WK-kwalifikaasjeduel yn en tsjin Slowakije wûn. Mei oanfierder Sherida Spitse fan Snits yn de basis waard it 5-0. De doelpunten kamen op namme fan Stefanie van der Gragt (2), Sherida Spitse en Vivianne Miedema (2).

Oranje kaam binnen tsien minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Stefanie van der Gragt, nei in assist fan Sherida Spitse. Dyselde Spitse makke letter yn de earste helte de 2-0 út in frije traap en fersoarge de assist foar de 3-0 fan Vivianne Miedema. Nei it skoft makke Miedema ek de 4-0 en Van der Gragt brocht mei in kopbal de einstân op 5-0 foar Oranje.

De Oranje Liuwinnen steane dield earste yn de pûl mei seis punten út twa wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)