UPDATE: Gjin gefaar mear nei gaslek Wolvegea

By it spuitbussebedriuw Motip Dupli oan de Wolfraamwei yn Wolvegea is freedtejûn in lek ûntstien yn in CO2-tank. As gefolch dêrfan waaide in CO2-wolk oer strjitte. De wolk wie skealik foar de sûnens, omdat it in ferstikkende wurking hat. De brânwacht hie de omjouwing dêrom tydlik ûntromme. Uteinlik binne der neffens de brânwacht gjin minsken ferwûne rekke. Ek is der gjin direkt gefaar mear foar de omjouwing.
In mjitploech hat by Motip Dupli dwaande west om eventuele skealike stoffen te mjitten. Noch yn it bedriuw noch dêrbûten binne gjin skealike stoffen mear te mjitten. Alle wegen op it yndustryterrein dêr't Motip Dupli op sit, binne dêrom wer frijjûn foar ferkear.
Blusynstallaasje
De CO2-tank is ûnderdiel fan in blusynstallaasje dy't krekt pleatst is yn in útbou fan Motip Dupli. Yn dizze útbou wurde spesjale stoffen opslein, wêrby't it foarskreaun is dat der ek in blusynstallaasje bykomt. As der dan in brân ûntstiet, moat de blusynstallaasje automatysk CO2 spuitsje. Dat soarget derfoar dat it soerstof ferdwynt en de brân útgiet.