Goed 43.000 euro ophelle foar minsken dy't A7 blokkearren

24 nov 2017 - 19:02

De aksje om jild op te heljen foar de minsken dy't de A7 blokearren om de demonstranten tsjin Swarte Pyt te kearen, hat goed 43.000 euro opsmiten. Yn totaal binne mear as 5.000 donaasjes dien. Mei dat jild moatte eventuele boetes betelle wurde dy't de blokkearders krije kinne. It Iepenbier Ministearje ûndersiket oft de ferkearsfeiligens yn gefaar kaam is. Ofhinklik fan it ûndersyk wurdt bepaald oft der ek in strafrjochtlik ferfolch komt.

Trefwurden: 
Swarte Pyt De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)