Nyck de Vries nei topteam yn Formule 2

Autokoereur Nyck de Vries © Omrop Fryslân
Koereur Nyck de Vries fan Twellingea rydt takom seizoen foar topteam Prema Racing yn de Formule 2. Dat meldt Ziggo Sport. De Vries rydt no noch foar Racing Engineering. Hy wûn dit jier ien race en stiet mei noch ien wykein te gean op it sânde plak yn it kampioenskip fan de Formule 2. De Vries wurdt by Prema Racing teamgenoat fan de earder fêstleine Sean Gelael.
Nyck de Vries start sneon yn de lêste F2-race fan it seizoen yn Abu Dhabi fan de foarste rige ôf. Hy kwalifisearre him as twadde.