Soarchsintrum Nieuw Toutenburg wurdt kompleet fernijd

24 nov 2017 - 17:39

Soarchsintrum Nieuw Toutenburg yn Noardburgum wurdt kompleet fernijd. De earste stien fan de nijbou is oerlange troch Saskia van Opijnen, de direksjebestjoerder by soarchgroep Noorderbreedte, dêr't Nieuw Toutenburg ek ûnder falt. Yn it ferline is der ek oer praat om Nieuw Toutenburg te sluten. Dat der dochs foar nijbou keazen is, komt neffens Van Opijnen omdat Nieuw Toutenburg noch hieltyd in belangrike funksje hat foar minsken mei psychyske klachten en it syndroom fan Korsakov.

Lokaasjemanager Bert Renkema is goed te sprekken oer de ûntwerpen fan de nijbou fan Nieuw Toutenburg: "Er zal veel veranderen. Zo komen er twee-onder-een-kap-zorgvilla's voor de verschillende woongroepen met elk een eigen entree. Daarbinnen is een gezamenlijke woonkamer en hebben bewoners een eigen studio van ongeveer dertig vierkante meter. Dat is veel meer dan nu." De kosten foar de nijbou sille neffens Van Opijnen rûm boppe de tsien miljoen euro útfalle. De ferhuzing nei de nije lokaasje sil yn de hjerst fan 2019 plakfine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)