Sylvana Simons: tsjinhâlden aksjegroep "ordinair terrorisme"

24 nov 2017 - 17:12

Politikus en âld-presintator Sylvana Simons neamt it tsjinhâlden fan in aksjegroep tsjin Swarte Pyt op de A7 by De Jouwer "ordinair terrorisme". Se skriuwt op Facebook: "Dit heeft niets meer met activisme te maken, maar is ordinair terrorisme van mensen die hun nationalisme verpakken in liefde voor 'de onschuldige kindertjes'." Simons set har as politikus yn tsjin Swarte Pyt. Se docht de útspraken op Facebook nei't fjouwer as Swarte Pyt ferklaaide minsken har thús opsochten en de besite dêrnei online setten. Sy wie op dat momint net thús, mar fielt har troch de aksje wol bedrige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)