Delgong yn problemen mei betize minsken

24 nov 2017 - 16:43

It oantal minsken yn Fryslân dat yn 'e war rekket en foar problemen soarget, liket foar it earst net mear te groeien. Ferline jier wie der noch wol in groei fan mear as 10 persint. As oarsaak waard sjoen nei de besunigingen by de GGZ. Dêrtroch soene mear minsken harsels mar rêde moatte.

Fryslân krige freed besite fan it Schakelteam Personen met Verward Gedrag. Dat team wol de provinsje helpe by it oplossen fan problemen troch minsken dy't yn de war reitsje. Boargemaster Crone fan Ljouwert makke dêr yndruk mei de Fryske oanpak. De foarsitter fan it Schakelteam is hiel posityf oer de wize wêrop't plysje, gemeenten, GGZ en soarchfersekerder De Friesland gearwurkje. Yn in protte oare regio's is it dreech om al dy partijen oan ien tafel te krijen. De GGZ is bygelyks hiel hoeden mei it jaan fan ynformaasje, om de privacy net te skeinen.

Neffens Crone binne der op dit stuit sa'n 100 minsken yn Fryslân dy't regelmjittich oerlêst feroarsaakje. Dat kinne frij ienfâldige saken wêze as lûdsoerlêst, it net opromjen fan smoargens, mar somtiden giet it ek fierder. Dan komt it ta geweld of brânstichting.

In probleem is noch de finansiering fan de help oan minsken dy't yn 'e war binne. Yn it ramt fan in eksperimint is der jild regele, mar oer de strukturele betelling is noch gjin beslút naam yn Den Haag. No't der wer in kabinet is, ferwachtet Crone dat soks no gau regele wurde kin. Yn de Earste Keamer wurdt nei alle gedachten yn jannewaris stimd oer in nije wet dy't de help oan minsken dy't yn 'de war binne better regelet. In boargemaster kin dan makliker yngripe, foardat de situaasje út de hân rint. No sjogge omstanners, lykas famylje en freonen, wol dat it min giet, mar is der net ien dy't wat dwaan mei.

Trefwurden: 
betize minsken GGZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)